Bareld’s Weblog


Myn earste wer sûnt tiiden
November 24, 2008, 6:30 pm
Filed under: Fryske saken

In Nije blogpost minsken

Tsja, it is alwer in skoft lyn mar hjir bin ik wer. Ik haw sa’n skoft fuort west om’t ik wat oerwurke west bin en tefolle drokte yn myn libben hie. It skriuwen en praten hjir oer helpt yn it ferwurkjen fan dat barren. Ik hoopje dat ik it slimste no efter my lizzen ha.

Wat bard der yn Fryslân en mear

Wat is der sa stadichoan allegear bard. No dat sil ik jim fertelle. Foaral op ynternet is de it Frysk as taal ridlik hurd oan it groeien en webside sa as Froeks.tv en allegear Fryske hyves fleane as paddestuollen ut’e grûn. Dat is posityf en bemoedigjend. Soks jout de boarger in protte moed.

Op it politike mêd hat de provinsje it foech krigen oer de Fryske taal en wat dêr mei barde moat. It sil my aansens benije wat dêr no mei bard. It soe eins sa wêze moatte dat it Frysk no ris op plak ien setten wurd troch de bestjoerders op it provinsjehûs. Nij provinsjehûs , nije wyn, nije rjochtings !!  Sjoch ek mar ris oer myn stikje oer de FBS yn in oar blogje fan my.

Leuke websiden mei goeie Fryske saken binne yn myn eagen http://www.grutskopfryslan.eu/http://trotsopfryslan.hyves.nl/ en natuurlik om’t de Sint wer yn it lân is http://www.warberfryslan.nl/.

Mar wer genietsje allegear op 5 desimber.

Ik hoopje no aansens wer wat regelmjittiger skriuwe te kinnen foar jim en mei leuke dingen en ferskate nijgjirrige saken te kommen. No sa earst mar wer en oant oare kear.

P.S. Jim meie kommintaarkes skriuwe hear  ; -) )



Bestjoerspetear en Jannewietske de Vries
February 21, 2008, 9:54 am
Filed under: Fryske saken

Goeie,

Hjoed wol ik it efkes hawwe oer de Ried en oer Jannewietske de Vries. Ik haw moarn te middei wer in bestjoerpetear yn Ljouwert fan de Ried en dêr sil dan ek wer fan alles besprutsen wurde. De wurklist stiet wer tige fol. 

Wy hawwe krekt wer in hektysk jier efter de rêch hân en dat sil dit jier net oars wurde tink ik. De yntênsje gearwurking mei de provinsje is wer foar fjouwer jier fêstlein en dat liket der wer goed ut te sjen.

Fierders lies ik fan’e wike in stikje oer Jannewietske de Vries, us nije deputearre. Sy hat wol in leuke utspraak dien oer bedriuwen en it brûken fan it Fries. Wat wy binnen de GfA al in pear jier roppe wurd no tsjin de bedriuwen sein troch us deputearre en dat is leuk om no te sjen. De GfA hat altiten dit oer de Fryske taal sein; draach it Frysk ut, it moat de grinzen oer en net opsletten bliuwe binnen de Fryske grinzen!. Troch ut Frysk ut te dragen krigest yn elts gefal foar inoar dat minsken it oppikke en der omtinken nei hawwe. Se hearre it en pikke dingen op. Do krigest faaks it Paulusma effekt, fan it “Oant Moarn”. Op myn myn wurk, wurkje in protte noarderlingen mar se roppe op it ein fan’e dei op myn ôfdieling allegear Oant sjen of oant moarn tsjin my of elkoar. Sjoch , dat is mar in lyts effekt mar wat jo dogge is in lyts sniebol effekt oan’e gong bringe op basis fan herhelling fan ien wurd of yn dit gefal twa lytse Fryske wurden. Mar it wurket wol.

Jannewietske rôp fan’ e wike earne op in  sympoasium fan de Fryske Akademy dat de Fryske bedriuwen mear Frysk brûke moatte yn harren reklame o radio en tillefyzje. Folsein mei iens Jannewietske! Moatte se folle mear dwaan.

Trijetalige skoalle (Frysk, Hollânsk en Ingelsk) 

Ek de ienigste goeie skoalle metoade foar de Fryske taal, de trijetalige skoalle, is sy tige oan it promoatsjen. Bin ik ek folsein mei har iens, hjir soene ek folle mear skoallen oan mei dwaan moatte. De resiltaten foar it behâld fan it Fryske op sokke skoallen binne tige goed at ikde ûnbdersiken sa lês en dat moat alle Friezen en Fryske skoalle direkteuren dochs tige oansprekke, sa liket it my ta. It Frysk as fak en alle oare besibbe metoaden binne metoades dy’t de delgong fan it Frysk fierder fersterkt en moat yn myn eagen ferdwine. Op nij in moderne trijetalige metoadyk. Seker nei in hieltyd Ingelstaliger wurdende wrâld ta.

De FBS:

Faaks soe ek ris besocht wurde kinne om in folsein ynrjochte Frysktalige basisskoalle besykje op te setten. It Hollânsk kin ek wol as fak jûn wurde op sa’n skoalle. Dat leare jo it Hollânsk ek wol en op strjitte pakke jo it ek wol op. Dat giet hiel hurd.

Dit kin miskien earst in provinsjaal finansjiert projekt (of miskien sels mei help fan partikulieren en bedriuwen), wurde kinne. Ik haw al in moaie namme betocht: de FBS

De Frysktalige Basis Skoalle.

At Jannewietske krekt sa is as harren Heit, Bareld de Vries, myn âld skoaldirekteur,  dan komt it wol goed mei har en mei Fryslân!! Live en let live, sis ik dan altyd mar.

Mei freonlike groetnis,

Bareld 



Hello world!
January 17, 2008, 7:33 am
Filed under: Fryske saken

Wolkom allegear,

Hjoed skriuw ik myn earste echte blog. Ik bin net sa’n hiel grut skriuwer mar sil dochs besykje my dizze eigenskip wat mear eigen te meitsjen. Ik bin Bareld Nijboer ut’e Harkema. Ik haw al in stikje oer myself skreaun en dit kinne jim besjen ûnder “Ik begjin” en ûnder “Wa bin ik?”, dêr kinne jim lêze wa’ t ik bin en wat ik doch. Ik sil besykje om hjir faak te skriuwen. Jim kinne frij reageare op myn stikken, dus alle antwurden en reaksjes binne tige wolkom. Ik soe alle Friezen freechje wolle om mear ynteraktyf mei elkoar te skriuwen en mear multimediaal mei elkoar yn kontakt te kommen. Meitsje Fryske filmkes, skriuw Fryske blogs, gean op Hyves, YouTube, lit sjen hoe moai of’t it Frysk en Fryslân wol net is. Besykje in elts gefal Frysk te wêzen en beyskje perfoarst ek Frysk te skriuwen.Want at der ien ding is wat se fan Friezen sizze kinnen dan is it wol dat se yn en yn gefoelich binne, yn hert en nieren. Nuchter, lit my net leitsje, dat is in grut mearke. Rêstich en yn harren self en somtiden wat stil, mar net ûngefoelich. En dat gefoel sprekke se ut yn harren Frysk wêzen.

Myn oprop is as earste: Lit dat gefoel op it kompjoeterskerm sjen! Lit it der fanôf spatte… wês grutsk.

Skriuw, kommunisear, meitsje filmkes oer Fryslân, praat meiïnoar op Hyves, mar besykje it foaral yn it Frysk te dwaan.

Ynternet hat in grutte takomst foar it Frysk en Fryslân. De wrâld leit oan us’ e fuotten en ynternet sil ek oaren utnoegje om us Frysk te learen, jawis, want dat is it effekt dat it ynternet hawwe kin.

freonlike groetnis,

Bareld